Afscheidsconcert Gospelband Sozo gaat met pensioen

Na 40 jaar stopt Gospelband Sozo er mee. Op zaterdag 20 mei aanstaande geven de (oud) bandleden een spectaculair optreden met nummers van toen en nu. Beleef hun laatste concert live vanaf 20 uur in Dorpshuis De Trije Doarpen.

Bestel nu uw gratis kaart via info@gospelbandsozo.nl

Slotkonsert Gospelband Sozo

Saterdei 20 maaie sil it heve. Sozo sil nei 40 jier sjongen en spyljen dit foar it lêst dwaan. Yn de Trije Doarpen sille de leden fan Sozo om 20.00 oere, DV, mei harren ôfskiekonsert begjinne. Sa’n 16 nûmers sille der te besjen en te beharkjen wêze. Sozo hat in LP, Stilstean, en 2 cd’s makke; It Tij Moat Keare en De Heechste Tiid. Ut elke lûddrager is in kar makke. Neist it feit dat de Trije Doarpen yn Kollumersweach in gaadlike seal is om te spyljen hat Sozo ek faak yn de tsjerken fan Kollumersweach song en spile en ien fan harren leden wennet dêr. Dit konsert is it lêste nei 40 jier, yn Fryske tsjerken benammen, meiwurke te hawwen oan Fryske of Nederlânske tsjinsten. Yn it begjin kombinearre Sozo popmuzyk mei Fryske bibelske teksten. Letter makke de groep  sels nûmers. De nammes Sozo betsjut; Hy Dy’t rêdt. It tema rêding komt dan ek faak oan ‘e oarder yn de teksten. De lêste perioade sette de groep opwekkingsnûmers oer yn it Frysk. Dêr sille ek in pear fan brocht wurde. De groep sjongt yn it Frysk.

Gratis kaarten binne te bestellen fia ynfo@gospelbandsozo.nl